Pieter Postma wint Zevenhuizen

03 jul 2013 - 23:24

Pieter Postma hat woansdeitejûn yn Zevenhuizen de fjirde etappe yn de seis dagen fan it Noordenveld Westerkwartier wûn. De hurdfytser fan Tsjerkgaast sette mei Jan Bos fan Bontebok en Elmar Reinders út Emmen it peloton op in rûntsje. Tsjin de twa Friezen wie Reinders yn de finale kânsleas. De demaraazje fan Pieter Postma wie genôch foar de winst, Jan Bos waard twadde, Reinders tredde. Tongersdei hat it peloton in frije dei, dêrnei folgje Mearum en de finale op sneontejûn yn De Wylp.

Trefwurden: 
hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)