Waterstad Taptoe giet oer

De Wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Waterstad Taptoe Snits giet net troch. De organisaasje hat de stekker der út lutsen nei't bliken die dat de gemeente Súdwest-Fryslân gjin jild foar it evenemint oer hat. It plan wie om foar it earst in taptoe op it wetter te hâlden. Dat soe dan moatte op it wetter by de Wetterpoarte. Neffens de organisaasje wiene de berjochten fanút de gemeente oant no ta altyd goed en dus wie de ferwachting ek dat der jild komme soe.
Dat it no net troch giet is in tsjinslach. It programma wie klear, fergunnings wiene regele en artysten fêstlein.