Plan om Icedôme te kearen

In ympresje fan it nije Thialf
Provinsje Fryslân, gemeente Hearrenfean en Thialf slute har oan by de KNSB yn it koart pleit dat konkurrint Icedôme út Almere tongersdei oanspant tsjin it reedridersbûn. Dat dogge se nei advys fan har juristen. De inisjatyfnimmers fan in nij Thialf hâlde dêrmei de grutste kânsen op har juridyske rjochten. It Icedôme yn Almere wol fia it koart pleit ôftwinge dat KNSB en NOC*NSF de topsportstatus oan Almere takent. No't de provinsje, Hearrenfean en Thialf har foegje yn de proseduere, wurdt besocht foar te kommen dat Almere de status krijt.
It koart pleit fan it Icedôme Almere tsjinnet om 13.30 oere.