Roelofsen nei Jong Hearrenfean
Marco Roelofsen (44) wurdt de nije trainer fan Jong Hearrenfean en sil ek foar in part as assistint-trainer fan Van Basten wurkje. Hy spile fan 1991 oant 1996 foar SC Hearrenfean en spile ek yn de legindaryske bekerfinale tsjin Ajax en promovearre nei de earedivyzje. Hy wie earder trainer by Zwolle en wurke ek by Jong PSV. Hy soe Lodeweges opfolgje by VVOG. Roelofsen folget Jan de Jonge op, dy't haadtrainer wurden is by Heracles Almelo. Hy tekene in kontrakt foar ien jier by de klup.