Kollekte foar Clemenstsjerke

03 jul 2013 - 12:28

It grutste part fan de weropbou fan de Clemenstsjerke op It Amelân kin betelle wurde fan fersekeringsjild. Der is noch in tekoart fan in ton. Parochianen fan de Roomske tsjerke kollektearje om it lêste jild byinoar te garjen. Ek toeristen jouwe jild. Yn febrewaris fan dit jier baarnde de Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân ôf. It wie in ûntwerp fan de ferneamde arsjitekt Cuypers, boud yn 1878. De tsjerke wurdt sa autentyk mooglik wer opboud.

Trefwurden: 
It Amelân Clemenstsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)