Koers drafbaan ôfsein om rein
De koers op de drafbaan yn Drachten giet woansdeitemiddei net troch. By ynspeksje fan de drafbaan woansdeitemoarn die bliken dat de tastân fan de baan net goed genôch is. Neffens de organisaasje hat dat te krijen mei de rein fan tiisdeitenacht. Alle dielnimmers binne al ôfbelle. De jierlikse wedstriid wurdt no op 17 septimber hâlden.