Famke (16) slein en opsluten

Mishanneling © ANP XTRA
In Akkrumer (21) is tiisdeitenacht troch de plysje oanhâlden foar mishanneling, frijheidsberôving en fernieling. De man hie syn freondinne fan 16 meinaam nei syn wenning. Se hie hjir mei ynstimd. Mar yn de wenning waard se mishannele en opsluten yn in sliepkeamer. Ek fernielde de man har tillefoan. De man die dit om't it famke in nij freontsje hie.
It famke moast ek de wenning fan har nije leafde oanwize oan de man. Se binne dêr doe hinne riden en de man smiet in tegel troch it rút. It famke wist doe út de auto te kommen. De man is oanhâlden.