Oanpak sportkompleks Wiarda

03 jul 2013 - 08:01

Troch in gersfjild te ferfangen troch in keunstgersfjild, de bou fan twa klaaikeamers en teamlockers hopet de gemeente Ljouwert de kapasiteitsproblemen op sportkompleks Wiarda op te lossen. Op it kompleks by Goutum spylje twa fuotbalferienings; Blauw Wit en FVC. Neidat Wiarda as nij kompleks oplevere waard, krigen dy ferienings der in hiel soad leden by. Safolle dat der grutte problemen ûntstienen. De kosten binne 530 tûzen euro. At de ferienings mear wolle, moatte sy sels jild bylizze.

Trefwurden: 
Goutum Wiarda sportkomplex
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)