Opsterlân wol fan restgrûn ôf

03 jul 2013 - 07:04

De gemeente Opsterlân hellet mooglik inkele tonnen op mei de ferkeap fan har restgrûn. Nij in ynventarisaasje fan 2 jier is troch de gemeente bekind makke dat sy de beskikking ha oer 14 hektare restgrûn dy't ferspraat leit oer de hiele gemeente. Dielen fan dizze restgrûn wurde al ûneigentlik brûkt troch bewenners omdat sy bygelyks al in stikje gemeentegrûn by harren wenning foar eigen gebrûk yn beslach naam ha.

It bedriuw Eiffel sil no ûndersykje hokker stikken restgrûn troch de gemeente ferkocht wurde kin. Opsterlân wol nei de simmer mei de ferkeap úteinsette.

Trefwurden: 
Opsterlân ferkeap restgrûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)