Hearrenfean wint mei 16-0

02 jul 2013 - 22:55

Sportklup Hearrenfean hat syn earste oefenwedstriid fan dit seizoen wûn mei 16-0. Tradisjoniel wie in regioteam út Gaasterlân-Sleat de tsjinstanner. Dizze kear wie it yn Bakhuzen. By rêst wie it 10-0 troch goals fan De Roon, Zomer, Dijks, Wildschut, Van La Parra, twa kear Van den Berg en trije kear Uth.De twadde helte spilen beide alvetallen mei in folslein nije ploech. Aktaou en fiif goals fan Slagveer brochten de einstân op 16-0.

By Hearrenfean spile de twadde helte de 19-jierrige proefspiler Savic mei. De Eastenryks jeugdynternasjonal is no eigendom fan Red Bull Salzburg. SC Hearrenfean sil de kommende wike beslisse oft se mei him fierder wolle.

Trainer Marco van Basten tinkt dat de seleksje sa goed as rûn is. "Ik zou er nog wel graag een buitenspeler bij willen hebben, maar dat moet ook maar kunnen. Verder moeten we even kijken hoe het verdedigend gaat, maar ik denk dat dat wel goed zit."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)