Sporthal Kealledykje opknapt

Sporthal Kealledykje yn Ljouwert wurdt foar oardel miljoen euro ferboud. De gemeente stekt it jild yn nije tribunes, dêr't hast de helte mear besikers op kinne en dy't ek lekkerder sitte. Ek komt der in romte dêr't sponsors yn ûntfong wurde kinne en wurdt de hal geskikt makke foar opnamen troch de NOS. De oanpassings binne nedich omdat basketbalklup Aris oars net mear yn de hal spylje kin. Omdat Aris mear sponsorjild binnen helle hat, kin de sealhier omheech as kompensaasje fan de ferboukosten.
De opknapbeurt fan sporthal Kealledykje betsjut wol dat de topsporthal yn de Súdlannen net trochgiet, al moat de gemeenteried dêr noch wol in offisjeel beslút oer nimme.