Kamminga pakt fjirde goud

Manon Kamminga © awfoto.nl
Manon Kamminga hat op it Europeesk kampioenskip op 'e baan yn Almere har fjirde gouden medalje te pakken. Op de 1000 meter wie se úteinlik de bêste. It moast dizze kear fierwei komme. Mei noch trije rûntsjes te gean, kaam Kamminga út de efterein. Yn de lêste bocht naam se de kopposysje oer en doe wie it klear. De Italiaanse Andrea Trafeli waard twadde, de Dútse Jana Gegner tredde. De opluchting by Manon Kamminga wie grut: ,,Het was eigenlijk een hele slechte race, want ik raakte steeds achterop. Ik weet niet waar ik mee bezig was."
By de manlju wûn Mark Horsten it brûns op de 1000 meter. De ynwenner fan It Hearrenfean moast de Italianen Lorenzo Cassioli en Fabio Francolini foargean litte.