Reorganisaasje FD los fan NDC

It Friesch Dagblad falt foarearst net ûnder de reorganisaasje by de NDC Mediagroep. Der komt wol in reorganisaasje by de krante, mar de petearen dêroer begjinne net earder as heal augustus. Dat seit Anne Jan de Graaf fan it fakbûn FNV KIEM, nei in petear mei de direksje fan de NDC. De Graaf giet der fan út dat de ûnderhannelings oer de reorganisaasje dien wurde mei haadredakteur en direkteur Lútsen Kooistra, ûnder tafersjoch fan de NDC. By it Friesch Dagblad wurkje sa'n 60 minsken, hoefolle dêrfan har baan kwyt reitsje is noch net bekend.
It Friesch Dagblad is mei yngong fan 1 july oernaam troch de NDC. Sûnder dy oername wie de krante fallyt gong.