'Oan 'e slach mei ûndersyk'

02 jul 2013 - 18:18

De ûndernimmingsrie fan de gemeente Smellingerlân fynt dat de hiele gemeentlike organisaasje him ynsette moat foar in bettere wurksfear op it gemeentehûs. Ut in ûndersyk hat bliken dien dat dêr net sprake is fan in breed fielde eangstkultuer, mar dat der wol problemen binne op de ôfdielingen Publiek en Bestuursondersteuning. By de amtners dy't de problemen op it gemeentehûs oanswingele ha binne der mingde gefoelens oer de útkomsten. Hja binne bliid dat in tal problemen op tafel kaam is, mar tinke dat der noch mear spilet.

De groep amtners sil skerp yn 'e gaten hâlde hoe't de gemeente omgiet mei de útkomsten en oanbefellings fan it ûndersyk. De ûndernimmingsrie seit net op 'e hichte west te hawwen fan de problemen by de ôfdieling Bestuursondersteuning, wol fan dy by de ôfdieling Publiek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)