Ynskriuwing bou Thialf begjint

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
Boubedriuwen dy't belangstelling hawwe foar de bou fan in nij Thialfstadion kinne har fan nije wike ôf melde by de provinsje. Woansdei wurdt bekend oan wat foar regels sy foldwaan moatte. Doel is dat ein novimber bekend is wa't de opdracht krijt. Dy moat it nije Thialf dan yn 2016 klear hawwe. Betingst is wol dat der yn de tuskenlizzende winters gewoan yn Thialf riden wurde kin.