Soad sinnepanielen SW-Fryslân

02 jul 2013 - 17:01

De ynwenners fan Súdwest-Fryslân hawwe de measte sinnepanielen yn hiel Nederlân. Fan de 35-tûzen ynwenners kinne 330 húshâldens folslein op sinne-enerzjy draaie. De ynwenners fan de gemeente ha sa'n 2,25 miljoen euro ynvesteard yn sinnepanielen. Dit docht bliken út de Klimaatmonitor. Yn dy monitor bliuwt Súdwest-Fryslân Eindhoven en Tilburg foar. Dy produsearje respektyflik 1131 en 1130 kilowatt oan sinne-enerzjy, wylst Súdwest-Fryslân goed is foar 1389 kilowatt. De gemeente wol graach enerzjyneutraal wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)