Fytspaad fan Warns nei Starum

02 jul 2013 - 16:57

Der komt lang om let in fytspaad fan Warns nei Starum. Oer dat fytspaad wurdt al 30 jier praat, mar it slagge hieltyd net om it te realisearjen. De dyk fan Warns nei Starum is net feilich foar fytsers, stelt de gemeente Súdwest-Fryslân. Fytsers moatte no oer de trochgeande dyk ride, dwers troch doarpen as Himmelum en Warns. Op dy dyk komt ek al it autoferkear del dat nei Starum wol. Dêrneist ride der ek geregeld grutte frachtweinen en dat is net feilich foar fytsers.

De oanlis fan it fytspaad kostet sa'n 9 ton. De gemeenteried moat nei de simmer noch grien ljocht jaan. In jier letter kin de skeppe de grûn yn.

Trefwurden: 
Starum fytspaad Warns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)