Tredde oanhâlding oerfallen

02 jul 2013 - 16:41

De plysje hat in tredde fertochte oanhâlden yn it ûndersyk nei oerfallen op lytse middenstanners yn Ljouwert. It giet om in 17-jierrige jonge út Ljouwert. Earder waarden al in 17-jierrige en in 18-jierrige jonge oanhâlden, ek beide út Ljouwert. De oerfallen begûnen yn maart fan dit jier. De plysje giet noch fierder mei it ûndersyk en slút noch mear oanhâldings net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)