Karmerk foar oplieding Ingelsk

02 jul 2013 - 16:34

De oplieding Ingelsk, dy't ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin oanbiedt oan basisskoallen yn Fryslân, hat in Europeesk karmerk krigen. De oplieding wurdt op dit stuit oanbean op fyftich skoallen yn Fryslân. Doel is dat dat oantal yn 2015 útwreide wurdt nei hûndert. It Europees Platform hat mei-inoar trije oanbieders fan Ingelsk yn it basisûnderwiis it karmerk vvto-Engels takend. De oare twa oanbieders komme út Rotterdam en Ede.

Trefwurden: 
Ingelsk oplieding VVTO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)