Utjouwer Jongbloed Keninklik

02 jul 2013 - 15:58

Utjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean hat it predikaat keninklik krigen. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat it predikaat tiisdei útrikt. It bedriuw bestiet 150 jier en is bekend fan bibels, lietboeken en de 'dwarsligger', in folslein boek yn lyts formaat. It bedriuw hat ek noch in grafyske ôfdieling, dy't ynternasjonaal bekend is. Neffens it bedriuw jout de kristlike eftergrûn it bedriuw in eigen kleur. It bedriuw hiet fan no ôf Royal Jongbloed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)