Sven Kramer rydt op fleanfjild

Sven Kramer hat mei syn ploechmaten fan TVM in skeelertraining ôfwurke op it fleanfjild fan St. Moritz yn Switserlân. Moandeitejûn nei sân oere hienen se it ryk allinnich om hege snelheden te heljen. Hjoed waard bekend dat TVM har A-lisinsje foar kommende winter omset hat nei in goedkeapere B-lisinsje. Datselde dienen trije oare teams: Beslist.nl, Team Activa en BrandLoyalty. De KNSB rint sa 4 ton oan ynkomsten mis.
De teams fine dat se te min werom sjogge fan de hege kosten fan de A-lisinsje à 125.000 euro. In B-lisinsje is 25.000 euro.