'NDC kin fan FD leare'

02 jul 2013 - 12:54

De NDC kin in soad fan it Friesch Dagblad leare. Dat seit redakteur Pieter de Vries fan it Friesch Dagblad as reaksje op it nijs dat de NDC, de útjouwer fan de Ljouwerter Krante, it FD oernimt. Neffens De Vries wurdt gjin krante yn Nederlân mei sa'n lyts bytsje redakteuren makke as it Friesch Dagblad. Hy tinkt dat de NDC dy ûnderfining hiel goed brûke kin.

De Vries is fierder wiis mei de oername troch de NDC, omdat it Friesch Dagblad no fierder kin as regionale kristlike krante mei behâld fan eigen identiteit.

De measte redakteuren reagearje opfallend nuchter op de oername troch de útjouwer fan de eardere grutte konkurrint LC. Se hiene wol ferwachte dat de krante oernommen wurde soe. De oername is de rêding foar it Friesch Dagblad. It eigen krantebedriuw hie ûnfoldwaande jild om troch te gean en koe selsstannich ek gjin liening mear krije fan de bank.

Redakteur Ruurd Walinga, dy't al 27 jier by it FD wurket, neamt it wol 'wat apart' om oernommen te wurden troch de eardere konkurrint. Mar ek hy is fral posityf oer de oername. It FD kin wer fierder, dat is it belangrykste.

Trefwurden: 
LC FD oername NDC Mediagroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)