Befeiligers ynsette as plysjes

02 jul 2013 - 12:26

Gemeenten yn Fryslân kinne ynkoarten partikuliere befeiligers ynhiere foar plysjewurk. Dizze kommersjele opspoaringsamtners meie parkearboetes útskriuwe, kontrolearje op fjoerwurk en alkohol en manifestaasjes begeliede. De plysje sels krijt dêrtroch mear tiid foar it yn 'e gaten hâlden fan de iepenbiere oarder. De lanlike maatregels fan de partikuliere befeiliging steane yn in brief dy't minister Opstelten tiisdei oan de Twadde Keamer stjoert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)