Jildsoargen foar basisskoallen

17 jan 2012 - 11:26

Fryske basisskoallen binne benaud dat se net genôch jild krije om de prestaasje-ôfspraken mei de minister nei te kommen. Fierder freegje se har ôf hoe't de ôfspraken te kontrolearjen binne. Moandei hat minister Van Bijsterveld fan ûnderwiis mei alle 7500 basisskoallen yn Nederlân ôfpraat dat sy tenei better prestearje sille.

Dêrfoar krije de skoallen alle jierren 150 miljoen euro. De skoallen meie sels bepale wêr't se dat ekstra jild oan besteegje. Neffens direkteur Sake Saakstra fan de skoallen yn de Stellingwerven is dat goed nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)