Klaas en Sippy hâlde op

17 jan 2012 - 09:29

Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar stappe út it ferslachjouwersboatsje. Sippy en Klaas dogge yn 2012 foar it lêst tegearre ferslach fan it skûtsjesilen. Al 35 jier binne de twa ûnskiedber ferbûn oan de SKS- en de IFKS-ferslachjouwing op Omrop Fryslân Radio.

Nei 2012 stappe sy út it lytse boatsje, dêr't sy alle jierren trije wiken lang de sylwedstriden fan tichtby mei folgen.

Sippy Tigchelaar folget it skûtsjesilen al sûnt 1977 foar Omrop Fryslân. Sy begûn op de rezjywein fan de radio en stapte al gau oer op de boat om de wedstriden te ferslaan. Troch de jierren hinne groeide it skûtsjeprogramma út fan ien oere radio-útstjoering ta in folslein ferslach fan de wedstriiddei, dat troch tûzenen harkers thús en op en om it wetter folge wurdt.

Sippy: Ik haw in hiele generaasje skûtsjeskippers en bemanning opgroeien sjoen. Sa haw ik bygelyks trije generaasjes Meeters meimakke. Nei 35 jier ferslachjouwing fyn ik dit in hiel moai momint om op te hâlden. Ik fyn it noch altyd hiel leuk om ferslach te dwaan fan it skûtsjesilen en je moatte ophâlde op it momint dat je it noch leuk fine. Op in bepaald stuit moatte je je kennis ek oerdrage en dat kin moai nei dit jier.” Sippy bliuwt ek nei 2012 aktyf foar Omrop Fryslân, ûnder oaren foar de radioprogramma's Buro de Vries en Omnium.

Klaas Jansma docht al sûnt 1976 ferslach fan it skûtsjesilen op Omrop Fryslân Radio. Dêrfoar folge er de wedstriden ek al trije jier foar it Frysk Deiblêd. Hy hie al earder oankundige dat er oer in pear jier ophâlde wol as skûtsjeferslachjouwer. No't Sippy nei dizze simmer net trochgiet by it skûtsjesilen stapt ek Klaas út it boatsje. Klaas: It is in drama om mei sok wurk op te hâlden. Mar it ferget yn dat boatsje sa’n skerpte en konsintraasje, en ek sa'n lichaamlike linigens, dat je net wachtsje moatte oant it minder wurdt. Mar o wat sil ik Sippy en dy raceboat misse. Dat wurdt ôfkicken.'

Omrop Fryslân is net op syk nei in nije Klaas en Sippy. Einredakteur Jacqueline Spendel: ,,Klaas en Sippy binne as duo ûnferfangber. Hoe't it radioferslach fan it skûtsjesilen der yn 2013 útsjen sil, is noch net dúdlik. Wy binne dwaande mei in nij konsept en sjogge dêrby ek nei in oare rol foar Klaas.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)