Technykbedriuwen sykje minsken
De technyksektor yn Noard-East Fryslân hat de kommende jierren grut ferlet fan goed personiel. Dêrom wiene moandei yn Dokkum 110 bedriuwen byelkoar.
De gemeenten, keamer fan Keaphannel en it ûnderwiis praten mei oer in plan fan oanpak. De bedriuwen sille de doarren letterlik iepensmite foar de jongerein.