Ried kritysk oer Europaplein

3D-rekonstruksje fan it Europaplein yn Ljouwert
De gemeenteried fan Ljouwert is kritysk oer de plannen foar de werynrjochting fan it Europaplein. Der bin benammen in soad fragen oer de needsaak fan de oanpassings by ien fan de drokste tagongsdiken nei de Ljouwerter binnenstêd. Guon partijen pleitsje foar útstel om't se grutte twifels ha by de ferwachte ferkearsgroei.
As de Heak Om Ljouwert der leit en it Noardwesttangint soe dat al in soad auto's skele. Oare partijen pleitsje foar de oanlis fan in tredde fytstunnel.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht it leafst dat der in saneamde turborotonde oanlein wurdt mei twa fytstunnels. Omwenners bin net wiis mei de plannen. Sy bin benaud foar oerlêst. Bedriuwen ferwachtsje skea om't se folle minder goed berikber binne.