Soad pappegaaidûkers oanspield

Op de Waadeilannen binne it ôfrûne wykein inkele tsientallen pappegaaidûkers oanspield. De fûgel mei it swart-wite tek en de felkleurde snavel oerwinteret op de Noardsee.
De bisten dy't no oanspiele, binne ferswakt troch de stoarmen fan de lêste wiken. De pappegaaidúker is in beskerme fûgelsoart. Hy briedt yn de simmer op de rotsen oan de kust fan Skotlân en Noarwegen.