Ljouwert: mear treinen

De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge © Omrop Fryslân
Der komme yn 2015 earder mear treinen te riden tusken Zwolle en Ljouwert as minder. Dat sei wethâlder Thea Koster moandeiteûn yn de riedskommisje fan Ljouwert. Se reagearre dêrmei op it nijs dat de NS mooglik de yntercity skrasse wol.
Yn in plan fan de NS stiet dat de trein in stoptrein wurdt.
De gemeente is tegearre mei de provinsje dwaande mei in útwreiding fan de ferbinings. It doel is dat der aanst twa stoptreinen ride en twa yntercitys. De NS ferwachtet begjin febrewaris de helberheid fan dat foarstel ûndersocht te hawwen.