Nije direkteur seehûnekresj

16 jan 2012 - 19:31

De seehûnekresj Pieterburen krijt per 1 febrewaris in nije direkteur. It is Jeanette Strating út Grins. Sy folget Daniëlla van Gennep op dy't wol oan de seehûnekresj ferbûn bliuwt, mar yn in oare funksje.

Oprjochtster Lenie 't Hart wol har mear rjochtsje op har rol as boechbyld fan de seehûnekresj. Sy wol yn binnen- en bûtenlân útdrage dat sike en swakke bisten net oan harren lot oerlitten wurde moatte.
Mei har ambassadeurswurk wol 't Hart ek jild binnenhelje om it fuortbestean fan de kresj feilich te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)