Provinsje oerleit mei NS

16 jan 2012 - 16:23

De intercity tusken Ljouwert en Swolle bliuwt mooglik dochs. De NS wol der in stoptrein fan meitsje, mar dêr is de provinsje Fryslân min oer te sprekken. Dy is no mei de NS yn petear oer in oar foarstel. Yn dat foarstel bliuwe der twa intercitytreinen yn 'e oere. Dêrneist komme der twa stoptreinen by.

De NS ferwachtet begjin febrewaris de helberens fan it foarstel ûndersocht te hawwen. Op basis dêrfan sille beide partijen fierder oerlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)