EVT-autoboat kin gau farre

16 jan 2012 - 12:12

De Eigen Veerdienst Terschelling kin lang om let fan Harns nei Skylge farre mei it nije skip De Spathoek. Dat kin yn tsjinstelling ta it skip De Stortemelk ek auto's ferfiere.

De EVT hie der fan 't simmer al mei farre wollen, mar de ynspeksje ferkear en wettersteat fûn de rêdingsflotten nei feilich genôch. De EVT ferfangt de âlde flotten no troch in modern marine evakuaasje systeem. Dêrby wurde de flotten mei in saneamde 'shoot' yn it wetter litten.

De Spathoek skip kin fan 30 maart ôf ynset wurde, seit Arjen Haantjes fan de EVT. It skip is al flink oanpast. Sa is der bygelyks in nije keuken yn boud.

De prizen foar in oertocht by de EVT lizze 15 oant 20 prosint ûnder de tariven fan direkte konkurrint Doeksen.

Trefwurden: 
EVT feartsjinst Spathoek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)