Sponsorreis NHL-studinten dien

16 jan 2012 - 11:52

Seis studinten fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert binne moandeitemoarn weromkaam fan in reis foar it goede doel. Om jild byinoar te krijen foar Doe een Wens reizgen se mei in kemper 10.000 kilometer troch Europa yn fyftich dagen. Underweis diene se opdrachten foar jild. It bedrach dat dat opsmiten hat, wurdt begjin febrewaris bekend makke.

It gie net allegearre like maklik. Sa waard harren in kamera ûntstellen yn de Hongaarske haadstêd Boedapest. Fierder is ien studint earder nei hûs gien fanwege in begjinnende longûntstekking.

Trefwurden: 
NHL sponsorreis studinten
(advertinsje)