Auto oer de kop op A32

De A32 © Omrop Fryslân
In 30-jierrige Marrumer is snein oan de A32 mei de auto oer de kop slein. Hy kaam by de ôfrit Oranjewâld yn de berm telâne en koe de auto doe net mear rjocht hâlde. De bestjoerder rekke by it ûngelok ferwûne oan de holle. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
Tsjin de plysje ferklearre de man dat er wurch wie nei in lange wurkdei. Dêrom wie er mei de auto fan de dyk rekke.