Heak troch de brievebus
Ut in wenning oan de Spiker yn Harns binne snein sieraden en elektroanika stellen. De 75-jierrige bewenster hie moarns de doar achter har tichtlutsen, mar net op slot dien. In dief hat de doar nei alle gedachten wer iepen krige troch mei in heak troch de brievebus it slot iepen te lûken.
De plysje ûndersiket de saak. De frou hat oanjefte dien fan de stellerij.