Boargernet: dief net fûn
In boargernetaksje om in dief yn Drachten oan te hâlden is snein mislearre. In buertbewenner hie sjoen dat in man besocht guod te stellen út in garaazje oan de Koperslagersstrjitte.
De plysje krige in goed sinjalemint fan de man en rôp fia boargernet sawat 1400 dielnimmers op om nei de man út te sjen. Der kamen wol tips, mar de dief koe net oanhâlden wurde.