Dokkum: militêr oer teewetter

De plysje hat sneontenacht in soad wurk hân fan in stappende militêr (21) út Dokkum. De man wie earst belutsen by in fjochtpartij yn in hoarekasaak. De man waard dêrom de saak útset. Letter pisse de man tsjin in tsjerke, dêr't er in bekeuring foar krige.
Justjes letter wie de man lestich op de Merk en bedrige hy de plysje. De plysje hat de man dêrom ynsletten en oerdroegen oan de Keninklike Maresjesee.