Plysjebiker rydt frou oan

15 jan 2012 - 15:41

In frou út Ljouwert (26) rekke sneontenacht ferwûne neidat se oanriden waard troch in plysjebiker. De plysjeman op moantainbike wie dwaande mei in achterfolging en botste dêrby op de frou, dy't midden op strjitte rûn. De frou rekke hjirby út 'e tiid.

De plysje ferliende fuortendaliks earste help en warskôge ek in ambulânse. De frou hat nei alle gedachten in lichte harsenskodding oan it ûngelok oerhâlden. Sy mocht nei behanneling wer nei hûs.

Trefwurden: 
plysje oanriding plysjebiker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)