Twa Dútske auto's stellen
De plysje ûndersiket de stellerij fan twa Dútske auto's yn Ljouwert op sneontejûn. It giet om in lila Audi-A3 kabrio mei it kenteken OS-IK308 en om in grize Opel Corsa mei it keteken 14-RNN-6.
De Audi stie yn de Valeriusstrjitte, de Opel yn de Corellistrjitte. De eigeneressen, twa Dútske froulju fan 43 en 44 jier, hawwe beide oanjefte dien.