Flylanner is hastich: botsing

15 jan 2012 - 14:35

De plysje hat sneon it rydbewiis fan in Flylanner (23) ynfoardere nei in botsing op de N381 by Appelskea. De Flylanner wie neffens eigen sizzen sa hastich om de boat te heljen, dat er troch it reade stopljocht ried.

De Flylanner rekke hjirby de sydkant fan in bestelbus fan in man fan Elslo (41). De bestelbus kantele en skode noch sa'n 30 meter troch. De man en in passazjiere rekken ferwûne en waarden oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten. De man fan Flylân moast syn rydbewiis ynlevere fanwege gefaarlik rydgedrach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)