Bon foar motorrider op strân

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemiddei in motorrider (25) fan West-Skylge betrape op it krossen op it strân en yn 'e dunen tusken peal 5 en peal 6. By ûndersyk die bliken dat de man gjin fergunning hie om op it strân te riden. De man hie ek gjin rydbewiis en boppedat wie syn motor net fersekere. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.
De man wie oan it krossen mei in maat. De plysje wit wa't dat is en sil meikoarten by de man op besite gean.