Fertochten De Terp langer fêst

02 jul 2013 - 11:11

De twa bewenners fan De Terp dy't ferline wike oanhâlden binne op fertinking fan belutsenheid by de dea fan de 58-jierige Anne de Boer, bliuwe foarearst noch fêstsitten. De plysje hat al goed sicht hoe't it slachtoffer om it libben kaam is, mar wol dêr yn it belang fan it ûndersyk gjin meidielings oer dwaan. Wol wurde neffens de plysjewurdfierder gjin nije oanhâldings ferwachte. Anne de Boer, dy't sels ek bewenner fan De Terp wie, sakke ferline wike moandeitejûn samar ynienen ynelkoar, doe't er by in oare bewenner op 'e keamer wie.

Earst waard fan in natuerlike dea útgien, mar út seksje die bliken dat it om in misdriuw giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)