Undersyk Smellingerlân klear

Amtners en âld-amtners fan de gemeente Smellingerlân wurde tiisdei ynformearre oer de ùtkomsten fan it ûndersyk nei de sfear op de wurkflier. Yn april kaam in groep meiwurkers mei har ferhaal nei bûten. Der soe sprake wêze fan in eangstkultuer. Se wurde narre troch liedingjaanden en yntimidearre. Guon amtners kamen siik thús te sitten. Bureau Berenschot hat it ûndersyk dien. Yn opdracht fan it kolleezje fan b. en w.