Paulusma foarseit waarmtegolf

02 jul 2013 - 09:41

Waarman Piet Paulusma foarseit fan sneon ôf in waarmtegolf. Dat is in rige fan op syn minst fiif dagen mei 25 graden of heger. Paulusma tinkt dat de waarmte oanhâldt oant oare wike freed. Lanlik komt de temperatuer nei it wykein op sa'n 27 graden út. Yn it suden fan it lân kin it 30 graden wurde. In hjittegolf sit der noch net yn, seit Paulusma.

Trefwurden: 
Piet Paulusma waarmtegolf
(Advertinsje)
(Advertinsje)