Marne Techniek fallyt

02 jul 2013 - 08:15

Ynstallaasjebedriuw Marne Techniek yn Wommels is fallyt. Oprjochter en eigener Jaap Zijlstra hat it fallisemint sels oanfrege. In trochtstart is neffens him net mooglik. Zijlstra seit dat der te min wurk is foar te folle ynstallaasjebedriuwen. De opdrachten binne de ôfrûne jierren bot werom rûn. By Marne Techniek wurkje seis minsken. Foar in oantal fan har is op koarte termyn oar wurk beskikber. It bedriuw rint achter mei it útbeteljen fan de salarissen. Fierder is der in skuld fan goed in ton.

Trefwurden: 
fallyt Wommels Marne Techniek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)