Poutsma wint, Rijpma twadde

Coen Rijpma yn it oranje (argyffoto) © awfoto.nl
Stefan Poutsma fan Peize hat moandeitejûn it kritearium fan Nieuw Roden wûn. Hy kaam nei 80 kilometer solo oer de einstreek. Coen Rijpma fan Aldeholtpea waard twadde. De twa hurdfytsers hiene snein net meidien oan de earste wedstriid fan de seis dagen fan it Noordenveld Westerkwartier yn Peize, omdat se de 'Molenomloop van de Schermer' ride moasten. Ek dy wedstriid waard wûn troch Poutsma. Hy bleau no allinne oer fan in kopgroep, Rijpma sprong yn de finale út it peloton. Andries Weening, snein twadde yn Peize, stapte troch in fal ôf.