Eksmoarre bout sels nije wyk

Ynwenners en it lokale bedriuwslibben yn Eksmoarre sille sels in nijbouwyk ûntwikkelje en bouwe. It giet om Keatsmorra. Dêr moatte wenten komme foar de âlderein, starters en inkele frije kavels. Om't wenningboukorporaasjes it ôfwitte litte ha de doarpsbewenners no sels de plannen mar makke. Boubedriuw Van Zuiden fan Tsjerkwert hat de grûn yn besit. Troch mei de ynwenners mei te tinken wol it bedriuw ynspylje op de fraach fanút it doarp.
It giet mei-inoar om 15 wenten dy't de kommende jierren boud wurde moatte.