Sûn âld wurde yn it Noarden

Noard-Nederlân is moandei yn Brussel útroppen ta foarbyldregio op it mêd fan it sûn âld wurden. De trije noardlike provinsjes hawwe de sûnens fan senioaren as spearpunt keazen en Europa lit no ynstânsjes op dat mêd proefprojekten probearje yn Fryslân. It giet om fernijende eksperiminten, bygelyks om nije IT-tapassings dy't it mooglik meitsje dat âlderein langer selsstannich wenjen bliuwe kinne. By de projekten is in soad omtinken foar it foarkommen fan sûnensproblemen troch falprevinsje en op tiid op te spoaren dat âlderein te min iten krijt.