Brantsje by patatfabryk
By it patatfabryk Lamb Weston yn Kleaster Lidlum hat moandeitemiddei in lyts brantsje west. Yn it filter dêr't de bakoalje troch hinne giet, is it begûn te broeien, wêrtroch't brân ûntstie. Omdat dat filter neist de bakoven foar de patat sit, is grut alaarm slein. De blusynstallaasje fan it fabryk wurke goed, sadat de brânwacht net folle mear hoegde te blussen.