Fytser botst op graafmasine

01 jul 2013 - 16:32
Ambulânses fan Kijlstra by sikehûs Nij Smellinghe

In 42-jierrige Ljouwerter is moandei ferwûne rekke doe't er mei de racefyts yn botsing kaam mei in graafmasine. Op de Koaibosk yn Ljouwert ried de man by de graafmasine op. De bestjoerder seach de hurdfytser op it lêste momint, mar koe him net mear ûntwike. De man foel op de dyk en is mei in swiere harsenskodding nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)